Halkomelem

Halkomelem
algemien
eigen namme Eilânsk: Hul̓q̓umín̓um̓
Leechlânsk: Hunqʼumʔiʔnumʔ
Heechlânsk: Halq̓eméylem
lânseigen yn Kanada
Feriene Steaten
tal sprekkers 285 (1997/2014) of 500 (2016)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Salisjaansk
  ● Kust-Salisjaansk
    ● Sintraal Kust-Salisjaansk
      ● Halkomelem
dialekten Eilân-Halkomelem,
Leechlân-Halkomelem,
Heechlân-Halkomelem
taalkoades
ISO 639-3 hur

It Halkomelem is in Yndiaanske taal dy't fan oarsprong sprutsen wurdt troch ferskate Kust-Salisjaanske folken yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en it uterste noarden fan 'e Amerikaanske steat Washington. It eardere taalgebiet besloech it súdeastlike part fan Vancouvereilân en in diel fan it fêstelân dêrfoaroer, mei û.m. de delta fan 'e rivier de Fraser. It Halkomelem heart ta de Kust-Salisjaanske kloft fan 'e Salisjaanske talen en omfiemet trije frij sterk útinoar rinnende dialekten. It endonym fan 'e taal is yn it Eilân-Halkomelem Hul̓q̓umín̓um̓, yn it Leechlân-Halkomelem Hunqʼumʔiʔnumʔ, en yn it Heechlân-Halkomelem Halq̓eméylem. De term 'Halkomelem' is in fan oarsprong Ingelske ferbastering fan dy nammen. Omtrint 2014 wiene der noch 285 memmetaalsprekkers fan it Halkomelem.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search